Michelle 4e by Holland's Next Topmodel
It is de 20-jierrige Michelle Zwoferink út Frjentsjer moandei net slagge om it tv-programma Holland's Next Topmodel te winnen. Michelle waard fjirde. De 19-jierrige Tamara hat de finale wûn. Yn it RTL 5-programma stride froulju út it hiele lân om it topmodel fan Nederlân te wurden.