Brabânske caravandief komt net fierder as de A7

In 59-jierrige caravandief út Brabân is oanhâlden op de A7. In plysje-agint seach op de Rykswei A7 om 23.15 oere hinne in bestelbuske mei in caravan riden. Dy plysje fûn dat in frjemde kombinaasje, ek sjoen de tiid en de situaasje omtrint it coronafirus.
© Omrop Fryslân
It kenteken fan de caravan waard tsjekt yn de meldkeamer. Dêr die bliken dat de caravan fan in caravanbedriuw út Drachten wie.
Doe't aginten fan de plysje út regio Drachten de namme fan it bedriuw hearden, wisten se wat der oan de hân wie, want de ôfrûne wiken is by dat bedriuw folle faker besocht om caravans te stellen. It bedriuw waard opbelle en sy fertelden dat it stek fernield en de caravan stellen wie.
De Brabanner is dêrop oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo yn Ljouwert.