Hessel en Tess spylje live by it kampfjoer op Skylge

20 mrt 2020 - 19:15

De coronakrisis treft ek sjongduo Hessel en Tess fan Skylge. De sjongende kroechbaas en syn dochter soene eins sneon 14 maart harren jubileumshow spylje yn in útferkocht Ahoy yn Rotterdam, tritich jier neidat Hessel foar it earst de Rotterdamske muzyktimpel fol spile. It coronafirus smiet lykwols roet yn it iten. Mar goed nijs foar fans: freedtejûn spilet it duo in spesjale digitale kampfjoersesje. Hessel en Tess geane om 20.00 oere live en do kinst gewoan meisjen út dyn wenkeamer wei!

(advertinsje)
(advertinsje)