Bouwmeester traint troch yn de coronakrisis: "Mei wat oanpassingen kom ik hiel fier"

20 mrt 2020 - 19:00

"Mei in pear oanpassingen kom ik hiel fier." Regearjend olympysk kampioene silen Marit Bouwmeester sit net stil en riedt har ta op de Spelen yn Tokio, salang't dy noch trochgeane. Net yn it waarme Spanje, wat de bedoeling wie, mar op de kâlde Noardsee.

Foto: ANP

It materiaal fan de Wartense stie al yn Spanje, mar dat ha se krekt op tiid werom nei Nederlân helle. "En no ha ik in fitnessromte yn de achtertún makke. Fan NOC*NSF ha ik tastimming krigen om ek it wetter op te gean. Myn boat is 4 meter lang, dus ik kom net sa gau yn de buert fan oaren."

It bêste derfan meitsje

It is in frjemde tiid, ek foar de sporters. Neitinke oer in eventuele folsleine lockdown docht Bouwmeester net. "Je ha der gjin ynfloed op, dus je hoege je der ek net drok om te meitsjen. We moatte gewoan foldwaan oan de rjochtlinen dy't jilde en it bêste derfan meitsje."

En dus riedt se har ta op de Olympyske Spelen, salang't dy noch trochgeane. "Dêr moatst gewoan fan útgean, as se noch net wat oars sein ha. It is wol in bizarre situaasje. Ik soe fan april oant july op it olympyske wetter yn Japan sitte en eveneminten dêr dwaan. Mar alles is no ûnwis, dus ik bin hiel tankber dat ik myn trainer - myn broer - hjir ja. Sa kinne we moai traine op de Noardsee."

(advertinsje)
(advertinsje)