Bosken tulpen foar âlderein Meckama State: "Om ús mem op te fleurjen"

It beslút om âldereintehûzen ticht te dwaan foar besite docht sear by minsken dy't no harren heit of mem, pake of beppe net mear sjen kinne. Om âlderein dochs wat waarmte te jaan, wurde by Meckama State yn Kollum 120 boskjes tulpen brocht. "Ik ha juster ús mem foar it lêst sjoen", seit Burt Sijtsma. "Dat fielde as in ôfskied en derom wol ik no graach wat dwaan om har op te fleurjen."
Meckama State
It is in swiere perioade foar Sijtsma. "Myn mem sit sûnt koart by Meckama", seit er emosjoneel. "Juster krigen we te hearren dat we der net mear op besite komme meie. Dat docht sa sear. Ik ha juster nei ús mem west foar in lêste besite. Foar hoelang't dat duorret, witte we net. Se hat op 24 april har jierdei en dat wol ik dan mei har fiere. Dan moat sa'n minske foar it earst yn har libben har jierdei allinnich fiere, dat giet bêst wol fier. Stel je foar."

Wat betinke

Sijtsma stiet by in lytse blommesaak yn Kollumerpomp. Dêr wurde mear as 120 boskjes tulpen ferwurke. "Gewoanwei kom ik trije kear yn de wike by ús mem", seit Sijtsma, wylst er helpt om de tulpen yn in auto te laden. "Mar dan moatte we no dus op in oare manier wat betinke. Dêrom bringe we no dizze blommen nei de âlderein. Sy krije dan dochs wat stipe."