Drachtster feroardiele foar neakenbylden Oranjehânbalsters

In man fan 40 jier út Drachten is feroardiele foar it uploaden fan filmkes fan it Nederlânske hânbalteam. Hy soe yn 2018 bylden fan de froulju yn de sauna op in pornowebsite setten hawwe. Hy hat in taakstraf fan 80 oeren krigen en in selstraf fan ien moanne ûnder betingst.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Drachtster hie de filmkes net sels makke, dy wiene ôfkomstich fan in bewakingskamera.
Op de bylden binne sân froulju fan it nasjonale hânbalteam te sjen. Nei publikaasje op de webside hawwe fiif om in skeafergoeding frege. Omdat it net dúdlik is hoe't dy bylden oait online kommen binne, hoecht de man dy skeafergoedings net te beteljen.