Gjin iepeningsgearkomste 'Voedselbos', mar wol ferlet fan frijwilligers

20 mrt 2020 - 17:44

In stikje bosk yn Beestersweach wurdt omtsjoend ta 'voedselbos': in plantemienskip dy't troch de minske makke is, mei as doel om bioferskaat en iten te meitsjen. Wurkgroep Bijenbrigade wol mei it inisjatyf wat goeds dwaan foar de minske, de natuer en foaral de bij.

Foto: Omrop Fryslan

Bijenbrigade hat fan de famylje Van Harinxma thoe Slooten in perseel bosk krigen om it 'voedselbos' te meitsjen. It biedt neffens de wurkgroep in soad mooglikheden, lykas partisipaasje fan doarpsbewenners, ferbining tusken lokale ûndernimmers en boargers, én it is nochris edukatyf.

De bosk is yn de takomst frij tagonklik foar besikers om sels iten te plôken. Ek hopet de wurkgroep gear te wurkjen mei restaurants en supermerken.

Frijwilligers nedich

Om de bosk goed te ûnderhâlden, binne frijwilligers nedich. En om't de byienkomst oer it 'voedselbos' yn dizze tiid net trochgiet, wol de Bijenbrigade minsken mei griene fingers mei har Facebookpagina oproppe om har oan te melden. Nei alle gedachten begjinne se letter dit jier om de bosk fierder yn te rjochtsjen.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman by it 'voedselbos' (1)

Ferslachjouwer Johanna Brinkman by it 'voedselbos' (2)

(advertinsje)
(advertinsje)