Utstjoerburo's: 'Lit beteljen útstjoerkrêften fia ús gean'

20 mrt 2020 - 17:43

De ekonomy leit plat troch de coronakrisis en foar de útstjoerburo's is dat in probleem. De útstjoerkrêften dy't se yn tsjinst ha, moatte trochbetelle wurde. It Ryk fergoedet 90 persint fan de kosten, mar dat is net genôch, seit Wies van 't Slot fan útstjoerburo 365Werk.

Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk

"Het zijn vaak uitzendbedrijven met grote volumes en lage marges, dus 10 procent is mega. Dat heeft heel veel impact", seit Van 't Slot. Utstjoerkrêften mei oeren op kontrakt moatte de buro's sels 100 persint trochbetelje, mar oare wurde trochstjoerd nei útkearingsynstânsje UWV. It giet dan om mear as 500.000 minsken.

Dy minsken soene wol ris seis oant acht wiken op harren lean wachtsje moatte en dat soarget foar in soad stress. It is ek mar de fraach oft it UWV dy drokte oankin. "Mensen moeten nu al vier tot zes weken wachten. Waarom laten ze de uitzendbureaus niet iedereen doorbetalen?"

Van 't Slot: "Heel veel mensen hebben een weekloon, dat zijn vaak ook lagere lonen. Dan hebben ze volgende week al hun geld. Maar dan moet je wel tegen alle uitzendbureaus en payrollbedrijven zeggen: 100% betalen is 100% terugkrijgen. Dan heb je pas rust onder de uitzendkrachten."

Dy 90 persint is ta stân kommen nei oerlis mei de brânsjorganisaasje. Dochs hopet Van 't Slot dat der noch wat feroaret. "De praktijk gaat nu sneller dan politiek." De útstjoersburo's kinne neffens Van 't Sot folle rapper wurkje as it UWV. "Wij hebben al die mensen al in onze systemen, wij hebben alle gegevens. Het UWV moet al die honderdduizenden nog inschrijven."

Wies van 't Slot

(advertinsje)
(advertinsje)