PODCAST: 'De nachtmerjeherberch'

20 mrt 2020 - 17:00

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze njoggende Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'De nachtmerjeherberch'.

Utstjoering 9: De nachtmerjeherberch

Yn in ferlitten streek yn Amearika stiet in fertutearze herberch. Frou Warner hat de herberch kocht, mei it doel it gebou op te knappen en der te wenjen. As se der foar it earst, tegearre mei har dochter Lillian komt, falt it har al ôf. De mem giet nei de stêd om fan alles te regeljen en Lillian bliuwt allinne achter. Se fielt har net op har gemak, hielendal net as se op 'e strún troch it gebou in nuver lûd heart en ûntdekt dat der in wjerwolf húsmannet yn de âlde herberch.

Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)