Desynfeksjeteams Nivo Noord stean klear om besmette romten skjin te meitsjen

20 mrt 2020 - 16:27

In masker op, in beskermjend pak oan, moffen en dan ek noch wat foar oer de skuon. Dat is wat de minsken yn de kalamiteiteteams fan skjinmakbedriuw Nivo Noord nedich ha om huzen of gebouwen te ûntsmetten dêr't ien west hat dy't besmet is mei it coronafirus. Mar de skjinmakkers rinne tsjin ien grins oan: der binne net genôch beskermjende klean en skjinmakprodukten.

Foto: ANP

Trije teams hat it skjinmakbedriuw standby stean; klear om út te riden en in gebou of wente te desynfektearjen. De ôfrûne dagen moasten se twa kear yn aksje komme. Willem Brouwer is de lieder fan it team: "We begjinne yn de skjinne romten. Dan wurkje we stadichoan ta nei de plakken dêr't de persoan dy't besmet is, sitten hat. Dêrnei folgje de húskes ensa."

As de skjinmakkers del west ha, is der gjin spoar mear fan it firus te bekennen, seit Brouwer: "We wurkje mei ús gewoane skjinmakmiddels. Dêrnei brûke we foar de twadde ronde middels op alkoholbasis."

Kwealik mear foarried

Der is lykwols in skrinend tekoart oan skjinmakmiddels en beskermjende klean. "It is nipend. We ha hast in tekoart oan fuortsmyt-overalls. Alle teams binne no foarsjoen fan spullen, mar we ha echt foarried nedich", seit Brouwer.

Foto: ANP

Brouwer hopet dat der mids takom wike in nije lading binnenkomt. "Oerheden nimme ek bepaalde beslissings. Dy kinne dan sizze dat in lading it lân net út mei. Ik skat de kâns op 50 persint dat we takom wike in bytsje foarried krije. Mar sikehuzen gean gewoan foar. Dy ha dêr mear rjocht op as ús, tink ik."

"Minsken binne ús grutste guod"

Mocht it safier komme dat der takom wike ek yn it Noarden in besmettingsweach komt, dan is it mar de fraach oft alle besmette lokaasjes wol goed skjinmakke wurde kinne. Brouwer: "Mochten we net genôch foarried ha en dat minsken dêrtroch gjin beskermjende klean oan ha, dan sizze wy nee. Minsken binne ús grutste guod."

(advertinsje)
(advertinsje)