A7 rjochting Boalsert fan sneon op snein ôfsletten

21 mrt 2020 - 07:10

In diel fan de A7 is fan sneon 22.00 oere oant snein 6.00 oere ôfsletten. It giet om it part rjochting Boalsert. By knooppunt Surch wurdt it ferkear út de rjochting fan Den Oever fan de A7 nei de N31 stjoerd.

Foto: Google Maps

Minsken op 'e dyk kinne by de ôfslach Kimswert draaie om dêrnei fierder te riden fia de ferbiningsslûs fan knooppunt Surch rjochting Boalsert.

Trefwurden: 
Boalsert A7 Surch ôfsletten
(advertinsje)
(advertinsje)