ICT-bedriuw Accent riedt him ta op folsleine lockdown

20 mrt 2020 - 16:06

Fideogearkomsten, efkes belje mei it team, wurkje fia Skype. Hieltyd mear minsken wurkje thús en dat fereasket in goede ynternetferbining. Foar de minsken yn de ICT-sektor binne it dan ek gouden tiden. By it ICT bedriuw Accent yn Snits, wiene se goed taret op de komst fan de maatregels tsjin it Coronafirus.

Foto: ANP

Accent soarge der in pear wike lyn al foar dat der ekstra systeemkapasiteit kaam, sa seit Albert Jonkman fan Accent. It bedriuw hâldt goed by oft de systemen it allegear noch dogge. Jonkman: "Tsjintwurdich hâlde we elk oere by hoefolle konneksjes der aktyf binne, wat it dataferbrûk is en oft de systemen it oan kinne. It is in grutte stresstest foar de systemen, mar foar ús wol ynteressant om te sjen oft it it allegear hâldt. It wurket allegear prachtich en elkenien kin goed thúswurkje."

Grutste feroaring by klant sels

Neffens meiwurker Wim Behage feroaret der foar Accent sels net in soad. "Wij hebben eigenlijk alle systemen al klaarstaan.". It iennichste wat oars is, is dat de klanten fan kantoar nei hûs gean. "De grootste verandering zit bij de klanten zelf, want zij moeten zorgen dat hun medewerkers thuis gefaciliteerd worden."

Folsleine lockdown

Accent antisipearret al op in folsleine lockdown yn Nederlân, wêrby't elkenien thúswurkje moat. Behage: "Wij zien dat we de mensen telkens een stap voor zijn. Wij zijn nu aan het voorbereiden op een totale lockdown."

It bedriuw wurket bot foarút om dy systeemkapasiteit op tiid beskikber te stellen. Jonkman: "Dan prate we oer 10.000 oant 15.000 man. We moatte soargje dat elkenien in ferbining meitsje kin. It wurdt in grutte útdaging as úteinlik echt elkenien thúswurkjen giet."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma gie del by Accent yn Snits

(advertinsje)
(advertinsje)