HEA! De diere-ambulânse fan Súdeast-Fryslân

20 mrt 2020 - 15:26

Bernadette Hendriks is al hast 14 jier frijwilliger by de diere-ambulânse Súdeast-Fryslân en docht dit wurk út leafde foar de bisten, mar ek foar de minsken. Gerlof Lagemaat is de nijste frijwilliger by de ploech. Hy is âld-sjauffeur en út it wurk rekke, mar thús sitte wie gjin opsje foar him. It befalt him poerbêst. Beide binne se sljocht mei it wurk, en se kinne noch wol wat mear frijwilligers brûke.

(advertinsje)
(advertinsje)