Bekerfinale fan Aris wurdt trochskood nei kommend seizoen

20 mrt 2020 - 15:02

De basketbalkompetysje giet definityf net mear fierder. Ek de bekerfinale, dêr't Aris it yn opnimme soe tsjin Donar, wurdt dit seizoen net mear spile. It beslút komt fan de Dutch Basketball League yn gearspraak mei de klups.

Foto: www.orange-pictures.nl

Harkje nei Sierd Dijkman

Aris stiet foar it earst yn de bekerfinale. Earder waard al bekend dat dy troch it coronafirus net spile wurde koe op de oarspronklike datum, 29 maart. No wurdt de finale as begjin fan it kommende seizoen spile.

Situaasje feroaret hieltyd

De reden om de basketbalkompetysjes definityf te beëinigjen, is dat de situaasje hieltyd feroaret. Earst wiene maatregels fan it kabinet fan krêft oant 31 maart, yntusken is dat 6 april. Boppedat binne trainingsfasiliteiten ticht en binne guon spilers thús yn Amearika. Dy komme Nederlân earst net mear yn. It sil moannen duorje foardat alles wer op streek is.

"Gelet op die overwegingen werd het onhoudbaar te veronderstellen, laat staan te rechtvaardigen dat een herstart van de DBL mogelijk zou zijn in mei", skriuwt it bûn. "Het lijkt ons echter het enige juiste besluit, gelet op de bedreiging van de volksgezondheid en de maatschappelijke ontwrichting die momenteel gaande is. De DBL-clubs beseffen dat we als sport even een pas op de plaats moeten maken en duidelijkheid moeten verschaffen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)