Restanten MSC Zoe-konteners opromme tusken It Amelân en Skiermûntseach

20 mrt 2020 - 13:58

Rykswettersteat lit witte dat oannimmer BDS ôfrûne nacht de lêste restanten fan konteners fan de MSC Zoe opromme hat. De stikken leine op de sânplaat It Rif tusken It Amelân en Skiermûntseach. Dat de rommel der lei wie al lang bekend, mar it wie noch wachtsjen op goed waar en geunstige wyn.

(advertinsje)
(advertinsje)