GGD: 'Jongerein, wês dy bewust fan dyn rol yn it tsjinhâlden fan it firus'

20 mrt 2020 - 13:31

Wês dy bewust fan dyn rol yn it tsjinhâlden fan it coronafirus. Dat is de oprop dy't de GGD docht oan jongerein. De GGD wol harren derop wize hoe wichtich it is dat elkenien him hâldt oan de feiligensmaatregels fan it kabinet en it RIVM.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

Fiif dagen lyn kundige it kabinet lanlike maatregels ôf om it kontakt tusken minsken safolle mooglik te beheinen. Mar der is moai waar op komst en om't minsken al fiif dagen binnen sitte, is it begryplik dat minsken dochs wer nei bûten ta wolle. De GGD seit dêrom mei klam dat it hiel wichtich is dat elkenien dochs ôfstân fan elkoar hâldt. "Dit is en blijft ook de komende weken nodig om het virus af te remmen."

Bysûndere posysje

Fryslân sit yn in bysûndere posysje. Sa't dokter-ynfeksjesyktebestriding Everhard Hofstra al sei, binne der yn ús provinsje relatyf sjoen net in soad posityf teste gefallen. It lanlik byld lit sjen dat de fersprieding yn it noarden noch net sa grut is as yn it suden. Tagelikertiid hawwe wy te krijen mei de lanlike maatregels. "Wij hopen dat wij, door ons hier met elkaar aan te houden, de relatieve 'voorsprong' kunnen behouden. " Hoe minder minsken yn Fryslân siik binne en in berop hoege te dwaan op de soarchkapasiteit, hoe mear totale soarchkapasiteit der oer bliuwt foar it hiele lân.

Omsjen nei elkoar

De GGD wol jongerein dat 'omsjen nei elkoar' ek op it hert drukke. "We zien dat jongeren elkaar de afgelopen dagen vaker opzoeken. Hoewel zij niet de voornaamste risicogroep zijn, kunnen zij wel voor verspreiding zorgen en daarmee kwetsbare mensen in de samenleving onbedoeld 'raken'. De GGD ropt jongerein dêrom op har écht oan de 1,5 meter ôfstân te hâlden en elkoar digitaal op te sykjen.

(advertinsje)
(advertinsje)