Kwaliteit Frysk amateurtoaniel ûnder druk: foar it earst gjin kriich

20 mrt 2020 - 13:30

De kwaliteit fan it Fryske amateurtoaniel stiet ûnder druk. Foar it earst sûnt jierren is der dit jier by it amateurtoaniel gjin kriich. By de kriich kamen karmasters, in soart sjuery, by de toanielferieningen del om de foarstelling te sjen en te beoardieljen. De ferieningen krigen te hearren wat goed gie en wat minder goed. Hjirtroch waard de kwaliteit fan de amateurferieningen hieltyd heger.

Animal Farm - Foto: Omrop Fryslân

Dit jier is der foar it earst gjin kriich, om't der net genôch ferieningen meidwaan woene. Foarsitter fan Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) Jelle Wesselius leit út dat ferieningen net ferplichte binne mei te dwaan, en harren sels opjaan kinne. "Fan de 155 selskippen en iepenloftspullen yn Fryslân hawwe harren dit jier 20 opjûn foar de kriich. Dit is te min en dus is der besletten om dit jier gjin kriich te hâlden."

Der binne ferskate redenen wêrom't ferieningen net mei dwaan wolle. "Dat kin miskien wol in stikje ûntefredenens wêze oer hoe't de beoardieling plakfûn hat, it kin ek wêze dat de spilers dochs wol senuweftich binne wannear't der in karkommisje yn de seal sit. Sa binne der wol mear dingen. Mar der wiene ek guon dy't seine: wy hawwe dy hiele kriich net nedich." Troch it ferdwinen fan de kriich stiet it amateurtoaniel ûnder druk.

Entûsjasme

Teäterman Jos Thie seit dat it net oan de ferieningen leit, mar oan de organisaasjes der omhinne. "Der is in hiel soad entûsjasme te sjen by de toanielferieningen, der binne ek in soad nije inisjativen. It binne net altyd mear de ferieningen sa't se eartiids organisearre binne. It binne ek lytse groepkes, dy't hiele moaie dingen op 'e planken sette. Dus it entûsjasme is der echt wol. Allinnich de koepelorganisaasje hat op dit stuit te min 'feeling' of hânfetten om dêr ek echt wat foar betsjutte te kinnen. Dus dêr binne we benammen nei op syk", seit Wesselius.

Jelle Wesselius fan STAF leit út wêrom't der gjin kriich mear is

Trefwurden: 
toaniel kriich amateurtoaniel
(advertinsje)
(advertinsje)