FB Oranjewoud nimt oandielen Airport Eelde oer fan gemeente Grins

20 mrt 2020 - 13:11

Stichting FB Oranjewoud nimt oandielen yn Groningen Airport Eelde oer fan de gemeente Grins. It giet om in belang fan 26 persint, dat no noch yn besit is fan de gemeente. De oandielen binne oergien foar it symboalyske bedrach fan 1 euro.

Groningen Airport Eelde - Foto: ANP

De gemeente hat al yn 2017 besletten dat der in oare oandielhâlder komme moast. It kolleezje tinkt dat stichting FB Oranjewoud dêr geskikt foar is.

Stichting FB Oranjewoud komt fuort út de ferkeap fan de Friesland Bank oan de Rabobank. Mei dat jild is de stichting opset, dy't as doel hat om it sosjaal, ekonomysk en kultureel klimaat yn Noard-Nederlân te befoarderjen. Sa hat de stichting ek dielname yn in bedriuw as NDC Mediagroep.

Neffens de stichting past it binnen it doel om it ûndernimmersklimaat te stypjen om de oandielen yn Groningen Airport Eelde te keapjen. Bestjoersfoarsitter Jorrit Volkers seit dêroer: "Groningen Airport Eelde is een essentieel onderdeel van de Noord-Nederlandse infrastructuur."

(advertinsje)
(advertinsje)