Freedsmerk: "Wy bin nochtere Friezen en hjir is frisse lucht. It komt goed!"

20 mrt 2020 - 13:01

Minken wurdt oanret om thús te bliuwen en it iene nei it oare evenemint wurdt skrast. Dochs gie de Ljouwerter freedsmerk gewoan troch. Wat tinke de minken dêr fan de coronakrisis? "Wy bin nochtere Friezen en hjir ha we frisse lucht. Ik ha der alle fertrouwen yn dat it goed komt!", seit ien fan de merkbesikers.

Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk

By guon besikers spatte it optimisme derôf. Se binne bliid dat dizze merk teminsten noch trochgiet, wylst krekt sa'n soad oare saken ticht bliuwe: "Jo kinne wol hielendal neat dwaan, mar dan sitte we dalik allegear op de psychiatryske ôfdieling!"

Benaud foar ekstra risiko's wiene de besikers net: "Yn de supermerken is it drokker en we hâlde ús hjir ek oan de oardel meter ôfstân." Ien besiker miende dat him neat oerkomme koe: "Ik bin ymmún..."

Neffens de tsiishanneler is de merk ek in sosjaal moetingsplak en yn tiden fan stress ha minsken dat ekstra nedich. De frou efter de kream mei stiennen en mineralen fertelde dat se net ferwachtet freed wat te fertsjinjen, "Maar ik ben hier voor de support. Er zijn mensen die juist nu hun verhaal kwijt moeten."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman wie op de Ljouwerter freedsmerk

(advertinsje)
(advertinsje)