Brievebusaksje by Talma Hiem: ferskes en tekeningen foar de Balksters

Wensoarchsintrum Talma Hiem fan Hof en Hiem yn Balk hat in moaie aksje betocht. Besite mei der net mear yn, mar dochs hâlde de âlderein kontakt mei de wrâld. Bûten stiet nammentlik in brievebus en dêr kin fan alles ynlevere wurde: briefkes, tekeningen, ferskes. En dêr binne de bewenners fan Talma Hiem tige wiis mei.
Talmahiem
"Wy hiene sawiesa al in reade brievebus yn Talma Hiem stean. Dy stiet no bûten. It is in inisjatyf fan ien fan ús meiwurkers. Safolle mooglik bern komme hjir mei leuke briefkes, tekeningen, anekdoaten," seit Jolanda van Aalzum fan Talma Hiem. "Wy hingje alles op, yn it restaurant, yn de kofjeseal en op de ruten. Wy moatte wol hast trije kear deis de brievebus leegje. Hy sit grôtfol. De bewenners fine it prachtich. Sy rinne der efkes del en sjogge bygelyks wat fan in beppesizzer hingjen."

'Achter de wolken schijnt altijd de zon'

Op ien fan de briefkes stiet in ferske skreaun: U bent niet alleen, zoveel mensen om u heen. Heb even goede moed, bang zijn is niet goed. Ook deze vreemde tijd, duurt geen eeuwigheid. Want achter de wolken schijnt altijd de zon.
"De bern sitte dochs thús," seit Van Aalzum. Dêrom is der in oprop dien. "Wy sjogge se wol oankommen. As sy de wat ynsmite doch ik efkes de tomme omheech, want it is sa moai. Wy hoopje wol dat ek oare lokaasjes meidogge, en fierder yn Fryslân. Eltsenien moat om inoar tinke."
Talma Hiem © Talma Hiem
Jolanda van Aalzum fan wensoarchsintrum Talma Hiem yn Balk