Kinst ferfolge wurde ast witst datst siik bist en ien besmetst?

20 mrt 2020 - 17:15

Watfoar straf kinst krije ast opsetlik de coronakarantêne negearrest? Of ast ûnfoarsichtich bist wylst besmet bist? Strafrjochtadvokaat Tjalling van der Goot slacht foar ús de 'Wet Publieke Gezondheidszorg' derop nei.

Foto: Omrop Fryslân

"Ast de karantêne negearrest, kinst in finzenisstraf riskearje fan fjouwer jier of in jildboete dy't oprinne kin oant 87.000 euro. Dat jout oan dat it in serieus strafber feit is,", leit strafrjochtadvokaat Tjalling van der Goot út. "Yn dizze tiid fan krisis spylje der dochs wat oare regels en it is goed minsken dat beseffe."

Kausaal ferbân

Ast ûnfoarsichtich bist en oaren besmetst, makkest dy neffens Van der Goot skuldich oan swier letsel of skuld troch dea. "Mar as je net witte dat je besmet binne, is dat wol in dreech foarstelber strafber feit, want je moatte it witte en der moat ek noch in kausaal ferbân wêze."

Dus: ast witst datst besmet bist en giest gewoan nei de supermerk en begjinst in praatsje, dan bist dochs wol hiel ûnfoarsichtich dwaande. Van der Goot: "As der in kausaal ferbân oantoand wurde kin tusken dat hanneljen en it gefolch, soene je sprekke kinne fan skuld oan dat letsel of de dea."

Akút yngripe

Mar sille dy straffen yn dizze krisis echt jûn wurde? "It is wat teoretysk allegear, mar dit binne de mooglikheden dy't justysje hat as minsken har net oan de karantêneregels hâlde. By guon feiten kinne je ek akút yngripe." Dus bygelyks ien oppakke as dy de karantêne negearret en nei bûten ta giet.

Strafrjochtadvokaat Tjalling van der Goot

(advertinsje)
(advertinsje)