Seis nije coronabesmettingen yn Fryslân

20 mrt 2020 - 12:07

Der binne seis nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat hat Margreet de Graaf fan GGD Fryslân freed bekend makke. It betreft minsken út ferskillende gemeenten. Hoe't it mei harren giet, is noch net bekend. De GGD fiert op dit stuit kontaktûndersyk út. Dêrmei komt it totaal oantal minsken mei coronafirus yn Fryslân dat fêststeld is op 28. Ien Fryske pasjint is ferstoarn oan it firus.

Folgje ús liveblog foar al it lêste nijs rûnom it coronafirus.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân leit út: "Het aantal positieve testen geeft alleen een indicatie van de mensen waarbij het nodig was om te testen voor de behandeling of welke cruciale zorgverleners er nodig zijn en getest moeten worden om uit te sluiten dat ze iets anders hebben. Er zijn dus waarschijnlijk meer besmettingen, maar dat hebben wij niet vastgesteld. Dat zal niet super veel meer zijn, dat zouden we anders kunnen zien aan het aantal Friezen dat opgenomen wordt in het ziekenhuis."

Sikehûsbêden

De Graaf seit noch wol mei klam: "Het is nog steeds belangrijk dat we ook in het noorden al is er minder grote nood we ons houden aan de afstand-regels en aan de sociale onthouding. Daarmee houden we ook de capaciteit van de ziekenhuizen beschikbaar. Het aantal beschikbare bedden is beperkt, dat moeten we verdelen in Nederland."

De GGD wit noch net oft der ek minsken út it suden yn Fryske sikehuzen lizze. "Ik heb nog niet gehoord dat er mensen uit het zuiden in Friese ziekenhuizen liggen. Maar dat kan natuurlijk wel. Dat zal echt in overeenstemming gebeuren, onderling door de ziekenhuizen."

Oprop oan jongerein

Sy docht ek noch in oprop oan jongerein. "Je ziet dat jongeren die vrij zijn van school de neiging hebben om elkaar op te zoeken. Voor hen kan het misschien niet gevaarlijk zijn, maar daardoor kan de verspreiding versnellen en kan het ook eerder bij kwetsbare groepen terechtkomen. Dus doe dat vooral niet."

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)