Bern romje swalkôffal op op de Dag van de Zakkenvullers

20 mrt 2020 - 11:01

Efkes in frisse noas helje én wat goeds foar de natuer dwaan. Dat is it doel fan de saneamde Nationale Dag van de Zakkenvullers. Organisaasje Fear Away ropt alle bern yn Nederlân op om freed swalkôffal yn harren strjitte of buert op te romjen.

Foto: Omrop Fryslân

"Ik vond Zakkenvullers wel een leuke naam, in tijden waarin iedereen hamstert. Op deze manier geven wij er een positieve draai aan", leit inisjatyfnimmer fan de lanlike aksje Imke Heeren út. Sels hat se ek in soantsje dat thús sit en nei it thúsûnderwiis besleaten se der mei in jiskepûde op út te gean.

"We waren heel verbaasd over de hoeveelheid afval die op straat ligt. Dus ik dacht: er zitten 2,4 miljoen kinderen thuis. Als die allemaal een vuilniszak pakken in de pauze, zijn ze even buiten én zorgen we ervoor dat de planeet weer wat schoner wordt."

Gjin groepsfoarming

It is de bedoeling dat elkenien it op eigen gelegenheid docht en dat der gjin groepen foarme wurde, sadat de hygiënemaatregels yn stân hâlden wurde. Fansels kinne bern tegearre op in paad, mar dan oan ferskillende kanten fan de strjitte.

It idee ûntstie yn Noard-Brabân, mar krijt neifolging op oare plakken. "Het wordt ook door grotere organisaties opgepakt." It idee is hiel simpel: nim in eigen jiskepûde mei en gean de strjitte op. Minsken wurdt wol frege it ôffal sa goed mooglik te skieden. "Voor zover mogelijk, dus plastic, papier en restafval. Draag handschoenen en gooi het afval vervolgens in je eigen container."

Minsken dy't meidwaan wolle, kinne har melde fia it Facebook-evenemint fan Fear Away.

Inisjatyfnimmer Imke Heeren fertelt oer de opromaksje

(advertinsje)
(advertinsje)