Riedsgearkomste Noardeast-Fryslân duorre 8 minuten, mar wie wol nedich

20 mrt 2020 - 08:34

Gemeente Noardeast-Fryslân hat tongersdei in koarte, mar wol needsaaklike riedsgearkomste dien. Dy duorre mar acht minuten. Der wie gjin publyk by en ek net alle riedsleden wiene der. "Guon fûnen it ek net ferstannich. Der binne minimaal 15 nedich en der wiene 20," leit boargemaster Johannes Kramer út.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Wy hawwe op dit stuit in sike wethâlder en lokoboargemaster, frou Hanemaaijer. Sy wurdt ferfongen troch de hear Van Esch en hy mei dat mar trije perioaden dwaan. Dit wie de tredde perioade, dêrom moasten wy wol in beslút nimme. Oars soe Van Esch net mear wethâlder en earste lokoboargemaster wêze kinne," seit Kramer.

Kramer: "Fysike riedsgearkomsten net altyd mear fan dizze tiid"

"Wy kinne net fia Skype of fideoconferencing in gearkomste hawwe. Je moatte fysyk byinoar yn in romte wêze om sa'n beslút te nimmen. Je kinne it wol ien of twa wiken útstelle, mar je witte net hoe't it lân der dan by leit. Wa wit sitte wy dan wol yn in lockdown. Dus litte wy it beslút mar nimme no't it noch kin, dêrom wie de koarte gearkomste," leit de boargemaster út.

Eins is it net mear fan dizze tiid om altyd fysyk oanwêzich te wêzen, sa fynt hy. "Mei sa'n coronakrisis soe it net mear mooglik wêze om it lân te bestjoeren. Wy hawwe der de mooglikheden foar. Wol moat it om útsûnderingen gean bliuwe. De bern op skoallen rêde harren der ek mei. It soe logysk wêze as dat ek foar it lokale bestjoer kin. Mar dan moat de wet wol feroarje."

Besmetting yn Noardeast-Fryslân

Tongersdei waard bekend dat yn Noardeast-Fryslân ek in persoan besmet is. "It firus giet ús gemeente net foarby. By ús hat in 80+'er it coronafirus oprûn, dy leit no yn it sikehûs. Ik haw kontakt hân mei de famylje en wy moatte ôfwachtje hoe't it fierder giet," seit Kramer.

Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)