Kollum: "Hinnen sûnder kop"

20 mrt 2020 - 08:20

"It coronafirus leit it libben en de ekonomy plat, makket de minsken bang en Eelke hat gelyk datst bytiden better net op social media sitte kinst want dan kinst hielendal wol gek wurde! Mar oan 'e oare kant barre dêr ek hiele positive dingen dêr't de boarger wer wat mear moed troch krijt.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Sa haw ik moandei in oprop dien om in kaart nei ús pake te stjoeren om't er 8 april 100 wurdt mar dit net mear mei ús fiere kin. Sels de boargemaster hat ôfsein. Dat begrutte my ta de tiennen út, fandêr it idee mei de kaarten en der wiene mear oproppen om kaarten en tekeningen nei âlde minsken te stjoeren. Ik haw it earst oerlein en op PostNL sjoen oft soks feilich wie.

Op de webside stie datst it firus net krije kinst troch de post mar sûnt woansdeitejûn stiet der dat it RIVM seit dat it risiko hiel lyts is mar dat der noch nimmen besmet is troch it krijen fan post. Der is ek noch gjin yndikaasje dat se gjin post mear besoargje kinne, dus dêr giest dan mar fan út. Dochs wiene der ek lju dy't seine dat it firus wol fia de post oerdroegen wurde kin en dêr wurdt it allinnich mar úndúdliker troch. Sa stiet it hiele ynternet fol mei ynformaasje en 'ik tink'- en 'miskien'-opmerkingen, mar dy jouwe de boarger gjin moed.

Eangst, panyk en ferwarring regearje de wrâld en oan alle saakkundigens wurdt twivele. It makket de situaasje allinnich mar dreger en hoe moatst no noch witte wat te dwaan? Mar as de saakkundige advizen fan 't spek yn 'e klompen slaan, dan reitsje wy it paad hielendal bjuster! Ik folgje it nijs út alle hoeken: it reguliere nijs, mar ek de saneamde komplotteoryen. Der binne ek lju dy't in spirituele draai oan dit proses jouwe en út al dy ferskate ynfalshoeken sykje ik myn eigen wierheid.

De natuer en it miljeu skine wol bliid mei it firus te wêzen en dat mei ik wol lije want wy hawwe ús mem de ierde hiel wat skea oandien. Ik haw krekt in boek lêzen oer wat in djip respekt Yndianen foar de natuer hiene en yn harren eagen wie alles besiele. Beammen, bergen en stiennen, mar ek bisten. Oan bepaald gedrach fan guon bisten koene sy sjen oft der bygelyks in natuerramp barre soe, mar ek wat wârskôgingen wiene yn it deistige libben en yn it boek stiet in list fan al dy bisten.

Soks fyn ik ek hiel nijsgjirrich en doe't ik ferline wike oer de Heak ried, seach ik in mûzefalk (buizerd) en in kraai njonken inoar sitten. It foel my daalks op dus doe't ik thúskaam, haw ik fuortendalik opsocht wat dy fûgels betsjutte. Neffens it boek is binne mûzefalken net in goed teken. Sy warskôgje foar problemen op ús wei, mar in kraai is dêrfoaroer wol in goed teken. Sy steane symboal foar súkses, beskerming en as boadskippers fan oerfloed.

Ik fûn it eins hiel tapaslik foar dizze tiid: it goede en it kweade njonken inoar, elts op in peal. Ik hoopje dat út alle konsternaasje en ellinde wer wat moais tefoarskyn komt. Nimt net wei dat it bytiden dreech is, dochs ek yn drege tiden binne genôch ljochtpunten en leave minsken te finen.

Mar we moatte de kop der wol by hâlde! Yn it boek stiet neat oer hinnen sûnder kop, mar we binne grif noch wol sa wiis om dy betsjutting sels betinke te kinnen. Nimmen wit hoe't it komt mar wês in ljochtbeaken yn dizze tsjustere tiid! En as der earstdeis in postdo tsjin myn ruten oan fljocht, dan wit ik wol genôch!"

It adres fan pake Kees Krottje:

Vlierhoven 46B, 6225HK, Maastricht

(advertinsje)
(advertinsje)