Gjin besite mear by ferpleechhuzen Patyna, mar ek frijwilligers sitte thús

20 mrt 2020 - 07:54

Soarchorganisaasje Patyna biedt soarch, wolwêzen en wenjen oan sa'n 3.000 kliïnten yn Fryslân. It beslút fan it kabinet om de ferpleechhuzen te sluten foar besite en dus ek foar frijwilligers, soarget binnen Patyna foar grutte ûnwissens. De goed 3.000 frijwilligers binnen Patyna kinne de oankommende wiken gjin assistinsje ferliene.

Soarch by Patyna - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Bestjoerder Johan Krul fan Patyna hat wol begryp foar de maatregel fan it kabinet. "Wij begrijpen het heel goed, het is toch een kwetsbare groep die in onze huizen woont. Ook onze werknemers moeten op de been blijven. Zo min mogelijk mensen moeten naar het ziekenhuis, dus wij begrijpen het wel."

Efkes gjin yntimiteit

Patyna hie al as maatregel dat der maksimaal 1 persoan oan besite tagelyk komme mocht. "Dat is al lastig, het is een verdrietige situatie voor menen die bij ons wonen en hun familie en vrienden. Het is iets wat je eigenlijk niet wil. We proberen met beeld wel contact te leggen, maar echte intimiteit en elkaar aanraken, dat is er even niet. Wij zijn daar een paar dagen gelden mee gestart en verwachten heel binnenkort het materiaal zodat we onze medewerkers ook kunnen aansturen."

Krul is der wol dúdlik oer: "Iedereen moet veel respect hebben voor wie nog bezig is in de zorg. Het is een ongewenste situatie, die hopelijk zo kort mogelijk duurt."

Frijwilligers thús

It beslút hat ek konsekwinsjes foar de frijwilligers fan Patyna. "Vanochtend hadden we nog crisisoverleg. Eerder hebben we vrijwilligers nog wel toegelaten, maar het ligt voor de hand om dat nu ook niet meer te doen. Dat is zeer lastig, want zij brengen reuring, gaan eens te wandelen met een cliënt en doen activiteiten. Dus dat is wel jammer. Maar het kan niet meer, dat durf ik wel te zeggen. Het is alleen nog niet gecommuniceerd. Half negen zetten wij het in het crisisteam op een rijtje," seit Krul.

"Menselijke manier"

Krul ferwachtet in soad reaksjes fan bewenners en famylje. "Van begrip tot onbegrip." Mar hy seit mei klam dat der útsûnderingen makke wurde foar minsken dy't stjerre. "Daar waar mensen in de laatste levensfase zijn, is wel wel ruimte voor bezoek. Dat gaan we op een menselijke manier met elkaar oplossen."

Bestjoerder Johan Krul fan Patyna

Trefwurden: 
Patyna soarch coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)