Nij fers fan Dichter fan Fryslân: 'Ferkâlden'

20 mrt 2020 - 07:00

Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, hat in nij fers makke. Hy hat it skreaun nei oanlieding fan de coronakrisis dêr't we no middenyn sitte. De Nederlânske oersetting is fan himsels.

Foto: Omrop Fryslân

Ferkâlden

Troch syn gekuch mei er net nei bûten.
Foar âldere minsken kin dat gefaarlik wêze,
sei syn mem. Hast al syn strips hat er al twa
kear lêzen. Trije wiken sûnder skoalle
duorret dochs wol lang.

Syn heit sei: trije wiken is noch neat, jong.
Pake hat yn 'e oarloch goed trije jier net
nei skoalle west. Sa lang, lake er, sil dit
dochs hooplik net duorje. Dan sitte we hjir yn
2023 noch.

Mar heit makke net hieltyd grapkes, soms
seach er lang op 'e telefoan. Saniis prate er
sêft mei mem oer jildsaken en ZZP.

Hoe lang sil dit allegear noch duorje, wannear
wurdt it wer gewoan? Juster hearde er op it
nijs, foarútsjen kinne we net sa fier.

Op bêd tocht er oan pake en oan himsels oer
tachtich jier. Hoe sil er mei syn pakesizzers
weromsjen op dizze nuvere coronatiid?

Wier, hy wist it net, al like ien ding dochs wol
wis: Syn gekuch waard al krekt wat minder.
De kiel die wat minder sear.

It projekt 'Dichter fan Fryslân' is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân. It wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy. Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de webside dichterfanfryslan.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)