Liveblog | 20 maart 2020

Coronanijs freed 20 maart: Pasjinten út Brabân nei Fryske sikehûzen

Folgje dit liveblog om op ‘e hichte te bliuwen fan it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 8 april 2020, 10:38
freed 20 maart 2020
23:25

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan freed 20 maart oer it coronafirus yn ús provinsje. Al ús nijs fine je op www.omropfryslan.nl, en op ús app. Tank foar it folgjen.
23:21

Dizze soargen ha se yn Brabân

Nij Smellinghe nimt ûnder oare pasjinten oer fan it Bernhoven-sikehûs yn Uden. Dit is de situaasje dêr:
Sikehûs Brabân
22:23

Earste Brabânske pasjinten jûn al yn Drachten

De pasjinten dy't yn Fryslân opfong wurde, komme fan de sikehûzen Elkerliek yn Deurne en Bernhoven yn Uden. Nij Smellinge hat alve pasjinten opnaam: minsken fan wa't besmetting fêststeld is en fertochte gefallen.
De Brabânske sikehûzen diene freed in needgjalp oan sikehûzen yn de rest fan Nederlân. De tastream fan coronapasjinten is yn Brabân sa grut, dat se gjin soarch mear ferliene kinne oan oare pasjinten dy't dat nedich ha.
Caroline Heijckmann fan it Bernhoven-sikehûs: "Wij zijn in een crisissituatie, zien een enorme toestroom van patiënten en hebben het ziekenhuis moeten ombouwen naar een plaats waar alleen nog maar coronapatiënten worden opgevangen."
21:45

Coronapasjinten út Brabân nei Drachten ta

Fryske sikehûzen fange coronapasjinten út Brabân op. Der komme yn totaal fjirtich pasjinten nei Fryslân ta. Dat meldt de Ljouwerter Krante. De sikehûzen yn Brabân begjinne fol te reitsjen en dêrom wurdt nei oare plakken socht.
21:34

Stipe foar Feanster ûndernimmers

Undernimmers fan de gemeente Hearrenfean krije net allinich stipe fan de lanlike oerheid en de provinsje, mar der is no ek in digitaal platfoarm wêrop't de ynwenners de bedriuwen berikke kinne.
Undernimmers Hearrenfean
21:01

GGD Fryslân over het coronanieuws van vandaag

GGD Live