Coronanijs freed 20 maart: Pasjinten út Brabân nei Fryske sikehûzen

20 mrt 2020 - 21:28

Yn ús provinsje binne oant no ta 28 minsken posityf test op it coronafirus. It kabinet hat tongersdei bepaald dat ferpleechhuzen op slot geane: gjin besite mear en ek frijwilligers en mantelsoargers meie net mear nei binnen. Sa wolle se kwetsbere minsken yn de ferpleechhzen beskermje.

  • By 28 Friezen is it firus konstatearre. Klik hjir foar de kaart mei alle fêststelde besmettingen yn Fryslân. De oare gefallen yn Nederlân binne op dizze kaart te sjen.
  • Ien Fryske pasjint is ferstoarn oan it firus.
  • Ferpleechhuzen meie gjin besite mear ûntfange. Dat is de nijste maatregel fan it kabinet.
  • In soad eveneminten dy't op de kalinder stean, gean net troch.
  • Alle artikelen oer it coronafirus binne te lêzen op ús dossierside.

Dit liveblog kun je ook in het Nederlands volgen.

23:25
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan freed 20 maart oer it coronafirus yn ús provinsje. Al ús nijs fine je op www.omropfryslan.nl, en op ús app. Tank foar it folgjen.

23:21
Dizze soargen ha se yn Brabân

Nij Smellinghe nimt ûnder oare pasjinten oer fan it Bernhoven-sikehûs yn Uden. Dit is de situaasje dêr:

22:23
Earste Brabânske pasjinten jûn al yn Drachten

De pasjinten dy't yn Fryslân opfong wurde, komme fan de sikehûzen Elkerliek yn Deurne en Bernhoven yn Uden. Nij Smellinge hat alve pasjinten opnaam: minsken fan wa't besmetting fêststeld is en fertochte gefallen.

De Brabânske sikehûzen diene freed in needgjalp oan sikehûzen yn de rest fan Nederlân. De tastream fan coronapasjinten is yn Brabân sa grut, dat se gjin soarch mear ferliene kinne oan oare pasjinten dy't dat nedich ha.

Caroline Heijckmann fan it Bernhoven-sikehûs: "Wij zijn in een crisissituatie, zien een enorme toestroom van patiënten en hebben het ziekenhuis moeten ombouwen naar een plaats waar alleen nog maar coronapatiënten worden opgevangen."

21:45
Coronapasjinten út Brabân nei Drachten ta

Fryske sikehûzen fange coronapasjinten út Brabân op. Der komme yn totaal fjirtich pasjinten nei Fryslân ta. Dat meldt de Ljouwerter Krante. De sikehûzen yn Brabân begjinne fol te reitsjen en dêrom wurdt nei oare plakken socht.

21:34
Stipe foar Feanster ûndernimmers

Undernimmers fan de gemeente Hearrenfean krije net allinich stipe fan de lanlike oerheid en de provinsje, mar der is no ek in digitaal platfoarm wêrop't de ynwenners de bedriuwen berikke kinne.

21:01
GGD Fryslân over het coronanieuws van vandaag
20:25
Bilker ûnder de yndruk

"Ik fûn it bêst yndrukwekkend en knap", seit keningshûssaakkundige Bearn Bilker oer de taspraak fan de kening.

Bearn Bilker

19:17
De folsleine taspraak fan de kening
19:10
Elkoar helpe

Kening Willem-Alexander hat freed yn in taspraak syn wurdearring útsprutsen foar it soarchpersoniel yn de coronakrisis. Dêrnjonken freget er elkenien om de oanwizingen fan eksperts op te folgjen. Hy wol ek dat gijnien yn de steek litten wurdt. "Het coronavirus is niet te stoppen, het eenzaamheidsvirus wel. Ik hoop dat saamhorigheid en trots ons dwars door moeilijke tijd zal verbinden."

Foto: Omrop Fryslân
18:35
Helpposters yn de krante

De kranten dy't by de NDC Mediagroep hearre, wêrûnder de Ljouwerter Krante en hûs-oan-hûs-blêden, ferspriede takom wike in coronaposter. Dat is in aksje fan de Grinzer drukkerij DWC Print. Minsken kinne de posters foar it rút hingje om help te freegjen of help oan te bieden.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)