Drege tiden foar frachtweinsjauffeurs: drokte en bûten nei de mobile wc

20 mrt 2020 - 07:53

Ek frachtweinsjauffeurs hawwe te krijen mei it coronafirus. Fanwege de maatregels dy't nommen binne, mar troch it wurk rinne se sels ek kans op besmetting. Boppedat kinne se de ladingen somtiden net kwyt, omdat it magazyn fan de klant al fol sit.

Foto: Shutterstock.com (welcomia)

Gosse Idsardi is frachtweinsjauffeur en rydt mei swier- en daaiwaar. "Wy ride fan de fabriken nei de distribúsjesintra. Dêrnei wurdt it letter wer ferdield nei de supermerken," leit hy út. Idsardi hat in soad te krijen mei en te lijen fan it coronafirus. "It is by ús op dit stuit in gekkehûs. De distribúsjesintra hawwe in grutte fraach nei guod, dus der moat ek in soad by de fabriken wei komme."

Sjauffeurs moatte bûten bliuwe

Mar it drokke is it slimste noch net. "Ik haw der sels wol eangst foar, want je komme oeral en je witte net wa't it wol en net hat. De fabriken oarsom ek, dy kinne ek net oan jo sjen oft jo it hawwe of net. Dus as sjauffeur bliuwe je op dit stuit in soad bûten stean. Ik bin bang dat dat yn de takomst faker barre sil. It is net noflik om no bûten te stean. Nei de wc gean is op de measte plakken noch mooglik. Mar yn de gemeente Gieten stiet in dixie bûtendoar, dêr meie wy net nei binnen. Mar dêr is it net skjin en je hawwe net de mooglikheid om de hannen te waskjen. Op de wc-doarren stiet faak: 'alleen voor werknemers.' Net foar eksterne sjauffeurs."

It coronafirus libbet ôfgryslik ûnder de sjauffeurs, seit Idsardi. "Der is hast net in oar ûnderwerp mear dêr't je mei kollega's oer prate. Wy steane wol oan it begjin fan de 'voedselketen', dus wy moatte wol troch. Ik tink dat der noch mear ôfsletten wurdt. Ik sjoch it wol somber yn."

Frachtweinsjauffeur Gosse Idsardi

(advertinsje)
(advertinsje)