Drokte by iepen gruthannels: "Minsken steane fierstente ticht opinoar"

20 mrt 2020 - 06:05

De gruthannels Makro en Sligro binne dizze dagen ek iepen foar it gewoane publyk. Gewoanwei binne se allinnich tagonklik foar ûndernimmers. Neffens it CBL, it Centraal Bureau Levensmiddelenhandel, is de maatregel bedoeld om de itensfoarsjenning op peil te hâlden.

Foto: ANP

De ôfrûne dagen waard der yn ferskate supermerken hamstere en ûntstie der yn de rin fan de dei in tekoart oan guon produkten. Troch de gruthannels iepen te stellen, hopet it CBL dy tekoarten tsjin te gean.

By de Makro yn Ljouwert wienen der tongersdei al ferskate minsken dy't fan de gelegenheid gebrûk makken. By de kassa's ûntstienen somtiden flinke rigen. Twa ûndernimmers besleaten dêrtroch gjin ynkeapen te dwaan. "De minsken steane fierstente ticht opinoar. Dat is net ferantwurde", seinen se.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer seach by de Makro

(advertinsje)
(advertinsje)