Oprop fan Omrin: kom net massaal nei it stoart

20 mrt 2020 - 06:04

Offalferwurker Omrin docht in oprop oan de ynwenners fan Fryslân om allinnich nei de miljeustrjitte te kommen as it echt needsaaklik is. No't in soad minsken thús sitte om't se net nei it wurk kinne, binne minsken massaal oan it opromjen. En dat soarget foar grutte drokte by it stoart.

File by it stoart - Foto: Kappers Media

Ek freget Omrin de klanten om harren oan de oanjûne maatregels te hâlden, bygelyks ôfstân hâlde. Op in biljet by de yngong stiet dat der net mear as fiif auto's tagelyk nei binnen meie.

Drokker as oars

Op ferskate plakken yn de provinsje wie it tongersdei folle drokker as oars by it stoart. Yn Ljouwert ûnstie der in aardige file. Neffens in meiwurker komme der gewoanwei op tongersdei sa'n 250 minsken nei it stoart. Mar om healwei fjouweren wienen der al mear as 400.

Ferskate minsken joegen oan dat se yndie oan it opromjen binne no't sy net nei it wurk kinne. Nei alle gedachten sil de drokte noch ferskate dagen oanhâlde. Neffens de meiwurker hawwe de klanten oer it algemien begryp foar de situaasje en hâlde se harren goed oan de regels.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer by it stoart yn Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)