Undernimmers mei problemen meie belesting trije moanne letter betelje

19 mrt 2020 - 22:44

Undernimmers dy't troch de coronakrisis yn de problemen komme en útstel fan belestingbetelling wolle, krije dat fuortendaliks trije moanne. Dêrfoar hoege ûndernimmers gjin bewizen mei te stjoeren.

It haadkantoar fan de Belastingdienst - Foto: ANP

Allinnich as ûndernimmers langer útstel wolle, moatte se ekstra ynformaasje meistjoere. Earder dizze wike kundige it kabinet oan dat ûndernimmers fjouwer wiken de tiid krije om te ferklearjen wêrom't se útstel fan betelling wolle, mar dat is no net mear nedich, meldt it ministearje fan finânsjes.

Op it stuit dat in ûndernimmer him meldt, wurde de ynfoarderingen direkt stilset. Dêrby giet it om de oanslach foar ynkomstebelesting, fennoatskipsbelesting, omsetbelesting en leanheffingen. De regeling jildt foar alle ûndernimmers dy't dat wolle, ek foar ûndernimmers dy't ferwachtsje dat se pas letter betellingsproblemen krije.

Alle artikelen oer it coronafirus binne te lêzen op ús dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)