Proef om wetter te ferheegjen kin net trochgean troch te heech wetter

19 mrt 2020 - 22:25

De reidproef yn it Lauwersmargebiet wurdt in jier ferskood. By de proef wurdt it wetterpeil ferhege om it reid better groeie te litten. It reid wurdt no noch nei de eftergrûn twongen troch oare planten. Fanwege it reinwetter fan de lêste tiid en de hege wetterstân kin de proef no net trochgean.

Lauwersmar - Foto: Shutterstock.com

De proef waard al earder útsteld, mar de wetterstân is noch hieltyd te heech. De termyn foar de proef rûn dit jier oant 31 maart. Om de proef út te fieren is no hast gjin tiid mear en dêrom kiest de provinsje Grinslân derfoar om it in jier út te stellen.

Wichtige reid hast ferdwûn

It reid is wichtich foar it hiele hiele Lauwersmargebiet, mar trochdat it wetterpeil lange tiid sa leech stie, wie it reid hast ferdwûn. It reid is in wichtich briedplak foar fisken, amfibyen en beskerme fûgels, mar is ek goed foar de kwaliteit fan it wetter.

Boeren, omwenners en ûndernimmers ha besocht om de reidproef tsjin te hâlden, omdat de grûn der sâlter fan wurde soe. Mar de rjochter hat besletten dat it wetterskip it wol ferheegje mei.

(advertinsje)
(advertinsje)