Coronafirus "fan folle gruttere oarder" as Q-koarts en MKZ

19 mrt 2020 - 22:28

De krisis mei it coronafirus is folle grutter as by foarige grutte sykten. Dat seit Piet Vellema. Hy wie belutsen by it krisisteam tsjin de Q-koarts en MKZ (tongblier). "Doe wie der krekt as no in hiel protte dingen net bekend. We moasten noch faak ynformaasje ophelje en ûndersyk dwaan. Mar dit is fan folle, folle gruttere oarder."

Foto: Shutterstock

Vellema is saakkundige op it mêd fan 'zoönosen'. Dat binne ynfeksjesykten dy't fan bisten op minsken oergean kinne, lykas de sykte dy't feroarsake wurdt troch it coronafirus. Makket er him ek soargen oer it firus? "Ynhâldlik wol ik oer dizze útbraak neat sizze. Der wurdt al safolle fan gedachten wiksele."

Tafallige omstannichheden

Oer it firus is noch net in soad ynformaasje beskikber. Wol is bekend dat it út de bistewrâld komt. "Wy gean derfan út dat it fia-fia by flearmûzen weikomt en op ien of oare manier op minsken oergien is. Dan bliuwt it by sokke nije sykten hiel lestich te foarsizzen wat der te gebeuren stiet", seit Vellema. It soe faker foarkomme kinne dat sa'n firus op minsken oergiet. "Yn de bistewrâld sitte firussen dy't no net bekend binne, mar troch tafallige omstannichheden wolris by minsken telâne komme kinne."

In hiel protte dingen binne wol bekend, mar noch folle mear dingen net.

Piet Vellema

Neffens him is der noch in hiel soad ûndúdlik oer it coronafirus. "Ik tink dat der de kommende tiid hiel folle kennis oer dit soarte ynfeksjes komt. Wy sitte no yn in faze dat in hiel protte dingen wol bekend binne, mar noch folle mear dingen net."

Maklik om krityk te jaan

Vellema giet derfan út dat it krisisteam dat de goede beslissingen nimt oer hoe om te gean mei it coronafirus. "It is by dit soarte dingen sa dat it ferskuorrend maklik is om krityk te hawwen", seit Vellema. "Mar ik gean derfan út dat de minsken dy't hjir oer beslisse harren uterste bêst dogge. En se binne ek hiel earlik troch te sizzen: 'troch de ynformaasje dy't komt kin it moarn wolris hiel oars lizze as dat we juster tochten'. Dat is ûnderdiel fan sa'n proses."

Piet Vellema oer it coronafirus

Alle artikelen oer it coronafirus binne te lêzen op ús dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)