Soargen oer lean fan bussjauffeur, GrienLinks fynt easken te frijbliuwend

19 mrt 2020 - 20:09

De Steatefraksje fan GrienLinks hat noed oer it busferfier yn Fryslân. Ynkoarten moatte Deputearre Steaten beslute wat se easkje by de nije konsesje fan it busferfier. Neffens GrienLinks wurde de rjochten fan sjauffeurs dêryn net goed boarge.

Bussen fan hjoeddeistige ferfierder Arriva - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Steatelid Elsa van der Hoek: "Het is een enorme klus om dat eisenprogramma vast te stellen, natuurlijk. Maar wij vinden dat de rechten van buschauffeurs daarin beter geborgd moeten worden en hebben daarom een uitgebreide reactie gestuurd."

Minder jild foar sjauffeurs

Troch in spesjale konstruksje koene ferfierders in oare coa tapasse, wêrtroch't sjauffeurs minder betelle krigen. Dat soe yn de nije konsesje opnij barre kinne, neffens GrienLinks. "In het ontwerpprogramma van eisen staat alleen maar dat de provincie ervan uitgaat dat de juiste cao wordt toegepast", seit Van der Hoek. "Er vindt geen controle plaats of dat echt zo is en ook geen boete als de vervoerder zich daar niet aan houdt. Dat vinden wij veel te vrijblijvend."

De partij hat ek noed oer it saneamde 'strekken' fan buslinen, wêrby't ferskate doarpen it mei in oare of sels sûnder busferbining dwaan moatte. In petysje tsjin it strekken fan busline 71 krige mear as trije tûzen ûndertekeners en ek yn bygelyks Eaststellingwerf binne der soargen.

(advertinsje)
(advertinsje)