Op besite by ferpleechhuzen mei net mear

19 mrt 2020 - 18:48

Alle ferpleechhûzen yn Nederlân geane op slot. Der mei no ûnder oare gjin besite mear delkomme. Dat is in nije maatregel fan it kabinet tsjin de fersprieding fan it coronafirus.

Hugo de Jonge oer de nije maatregel:

Mei de nije maatregel wol it kabinet benammen kwetsbere minsken beskermje. "We moeten ouderen en andere kwetsbare mensen zoveel mogelijk afschermen van het virus", sei minister Hugo de Jonge, dy't de taken fan de opstapte Bruno Bruins yn de coronakrisis oernimt. Guon ferpleechhuzen hiene sels al it beslút naam om gjin besite mear ta te litten.

De Jonge jout ta dat it in yngripende maatregel is. Foar de palliative soarch kinne útsûnderingen makke wurde.

Allinnich mar ferliezers

Aldereinorganisaasje KBO-PCOB oer de nije maatregel: "We begrijpen het, maar dit besluit kent alleen maar verliezers", seit direkteur Manon Vanderkaa. It hat grutte konsekwinsjes foar de bewenners, famylje, frijwilligers en meiwurkers. "Voor bewoners zal het heel moeilijk zijn om afgesneden te worden van hun naasten, maar voor hun families ook. De onzekerheid hoe lang deze maatregel moet gelden maakt het extra zwaar."

Meiwurkers ferlieze troch it beslút de stipe fan frijwilligers en mantelsoargers. "Er is geen gemakkelijke oplossing. Omzien naar elkaar moet nu een andere invulling krijgen. Deze situatie vraagt betrokkenheid van iedereen."

Al mear maatregels

Earder moasten al alle skoallen, kafees en restaurants de doarren ferplicht ticht dwaan. Dêrnjonken wurkje safolle mooglik minsken thús wurkje, rydt der minder iepenbier ferfier en meie eveneminten mei mear as hûndert besikers net mear trochgean.

Trefwurden: 
Ferpleechhuzen coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)