Boumerk Grou giet foarearst troch as betsjinningssaak

19 mrt 2020 - 17:34

In boumerk yn Grou hat in kreative oplossing betocht foar it coronagefaar. Undernimmer Foppe de Haan hat syn boumerk tydlik omfoarme ta in âlderwetske betsjinningssaak.

Mei in grut sket is it grutste part fan de boumerk ôfsletten foar it publyk - Foto: Omrop Fryslân

De meiwurkers fleane har út de naad, mar de klanten fine it prachtich. "Yn sa'n type saak bin ik sels foarhinne ek begûn", fertelt eigener De Haan. "It like ús de beste manier om klanten en meiwurkers útinoar te hâlden en dochs iepen te bliuwen."

Klanten binne entûsjast

Der meie op syn meast acht klanten yn de saak wêze, mar dy komme net fier. Mei in grut houten sket is hast de folsleine boumerk ôfskerme. De klanten binne goed te sprekken oer dizze oplossing. "Ik fyn it super", seit Taco Kuipers út Weidum. ''Geweldige oplossing, hiel goed betocht."

Mei dizze wat âlderwetske formule hat De Haan himsels en syn kollega's wol te pakken. It is dizze wike drok yn de saak en dat betsjut in hiel soad stappen. "It is in saak fan 1.500 kante meter. Ik ha útrekkene dat je samar tusken de 10 en 15 kilometer rinne op in dei. Je hoege dan jûns net mear nei de sportskoalle. Dat komt goed út, want dy is dochs ticht."

Plexiglês

Mei dizze oplossing wol De Haan ek sjen litte dat er it risiko op corona-oerdracht hiel serieus nimt. By de kassa en de toanbank hinget ek plexiglês om klanten en meiwurkers útinoar te hâlden. Bykommend foardiel is dat je inoar sa ek feilich in 'high five' jaan kinne. "Ik wol de minsken helpe, mar it ek feilich hâlde foar myn meiwurkers. Wy witte net wat der fierder op ús ôfkomt, mar foar no liket dit my de bêste oplossing."

Undernimmer Foppe de Haan fan de Grouster boumerk

(Advertinsje)
(Advertinsje)