KNKB stelt keatsseizoen oant en mei 1 maaie út

It keatsbûn KNKB hat alle aktiviteiten oant 1 maaie ôfsein. Dat betsjut ûnder oare dat de wanten net kard wurde, dat der gjin opliedingen en seleksjetrainingen binne en dat de skoalkeatsprojekten dy't de kommende wiken plakfine soene, net trochgean.
© Henk Bootsma
De manljuswedstryd yn Holwert op 27 april giet ek net troch. It bûnsburo yn Frjentsjer is ticht en de minsken wurkje fan hûs út. "Der giet tongersdei in brief út nei ús ferienings. Alles wat yn april plakfine soe, wurdt útsteld oant begjin maaie", seit Wigle Sinnema fan it KNKB.
"Wy binne ôfhinklik fan de situaasje en sille sjen wannear't wy it seizoen starte litte kinne. Wy binne in lytse bun, dus wy kinne beweechlik operearje"
It keatsbûn lit witte dat de Algmiene Ledefergadering foarearst ek fan de baan is. "We wolle de ledefergadering wol foarôfgeand oan it keatsseizoen hâlde. Mar de sûnens fan de minsken stiet no foarop."
Wigle Sinnema fan KNKB