Finansjele stipe foar ûndernimmers yn jildnoed troch coronafirus

It Ryk nimt de iene needmaatregel nei de oare om de coronakrisis ûnder kontrôle te hâlden. It is in ôfwaging tusken de folkssûnens en de ekonomy. Mar it binne net twa útersten dy't mekoar hielendal útslute, want as de hiele ekonomy platleit, hat dat ek gefolgen foar de sûnens.
© Pixabay
Foaroanman fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Hans de Boer gie tongersdei yn petear mei minister Koolmees (sosjale saken) en Wiebes (ekonomyske saken) om te praten oer hoe't it no fierder moat mei alle ûndernimmers en wurkjouwers dy't troch de coronakrisis yn finansjele problemen komme.
Hans de Boer fan VNO-NCW
De Boer: "Minsken moatte bliid wêze mei hoe't it kabinet it oppakt. Se dogge der echt alles oan. Se harkje goed nei wat wy harren freegje." Neffens him giet de beurs wiid iepen. Mar stroffelstien is hoe't it jild by de wurkjouwers en ûndernimmers telâne komt. "De fraach is no: kinne we al dy yngewikkelde regeltsjes ienfâldiger meitsje. De basishâlding is yn elts gefal posityf."
Der binne al hiel wat maatregels ôfkundige. De Boer: "Bygelyks streekrjochte maatregels: in ûndernimmer dy't omsetferlies hat en wurknimmers net mear betelje kin, krijt 90 persint fan de totale leansom fergoede troch oerheid." Dêr wie earst in oare maatregel foar, saneamde wurdtiidferkoarting. "Dat wie sa yngewikkeld. Dêr kinne mar tweintich de moanne fan ôfhannele wurde en der binne no 100.000 gefallen."

Geduld

"Moatst se no massaal honorearje kinne. Dat duorret noch miskien twa wike foardat dy maatregel kear is. En dan noch in lytse 3-4 wike foardat de sinten beskikber binne. We moatte dus geduld hawwe." De measte ûndernimmers rêde dat neffens De Boer wol. "In sûn bedriuw hat spek op 'e bonken."
Dêrneist jouwe banken in frijstelling op de ôfbetelling fan lieningen en rinte. Ek hoege ûndernimmers gjin leanbelesting en fennoatskipsbelesting te beteljen. "Dy maatregels binne op himsels allegear goed, mar de keunst is om te soargjen dat it sa gau mooglik ynfierd wurdt en jild beskikber komt."

Hannel

De Boer sil tongersdei ek noch prate mei minister Kaag (Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingsgearwurking) oer grinsoerskreidend ferkear fan minsken en produkten. "De rem leit op de ynlânske produksje. We moatte sjen wat we dêroan dwaan kinne."

Takomst

De Boer sjocht de takomst dochs posityf yn. "As der no ien lân is dat hjir op relatyf goede wize útkomt, dan is it Nederlân. Wy witte elkoar goed te finen, om't we net sa grut binne. En Nederlân is in ryk lân. We moatte fermogens losmeitsje en soargje dat dy by de goede minsken telâne komme.