Earste positive coronatest yn Noardeast-Fryslân, yn totaal no 22 Friezen

Der is ien nije positive coronatest yn Fryslân. It giet om in persoan yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Dêrmei komt it totale tal fêststelde besmettingen yn ús provinsje op 22.
Wim Kleinhuis
Yn de earste update fan de GGD op tongersdei waarden gjin nije positive tests meld. It tal positive tests seit net sa folle oer it totale tal besmettingen yn Fryslân, omdat tests allinnich útfierd wurde by kwetsbere minsken. Dat binne benammen âlderen of minsken mei in al ûnderlizzend lijen.
"Foarige wike sei it tal gefallen alles, want doe hiene we alle besmettingen yn byld", seit Wim Kleinhuis fan de Feilichheidsregio Fryslân. "Mar no teste we allinnich minsken yn risikogroepen en fitale beroppen mei sykteferskynsels."
Kleinhuis fynt dat de Friezen har goed hâlde oan de rjochtlinen fan it kabinet. "Dat libje de minsken fantastysk nei, we dogge dat yn Fryslân tige goed." Neffens Kleinhuis helpt dat ek mei om it tal coronapasjinten hjir yn Fryslân te beheinen. "Sa hâlde we ek de 'foarsprong' op it suden in bytsje fêst."

Dit folhâlde

Kleinhuis is wiis mei hoe't minsken yn Fryslân dizze perioade oant no ta trochkomme. "Ik sjoch fantastyske inisjativen: online lessen, online teäter, boadskippen dwaan foar elkoar. Dat moatte we fêsthâlde, want oer twa wiken sitte we noch hieltyd yn dizze situaasje, as it net slimmer is. Dus bliuw dit dwaan en hâld dy oan de regels: hoastje op in goede wize en bliuw thús ast dy in bytsje siik fielst."
Alle artikelen oer it coronafirus binne te lêzen op ús dossierside.
De aktuele situaasje fan it totale oantal besmettingen yn Fryslân is hjirûnder yn kaart brocht: