Undernimmers op It Hearrenfean komme mei besoarchtsjinst: "Sa min mooglik kontakt"

19 mrt 2020 - 16:04

Wa't op It Hearrenfean griente, bôle en fleis keapje wol, hoecht dêrfoar net mear nei de winkel. De ûndernimmers Echte Bakker Lenes, Keurslagerij Van der Meer en Kruizinga Groente en Fruit ha mei mekoar in besoarchtsjinst opset, sadat minsken yn dizze tiid net mear yn ferskate winkels komme.

Undernimmers op It Hearrenfean komme sels mei in besoarchtsjinst:

Bôle, gehak, kiwys. It is allegear te bestellen op de webside fan 'e bakkerij. Sa'n 20 oant 30 needsaaklike saken stean op de webside, mar de slachter en grienteman sille harren oanbod online noch útwreidzje.

Yn kartonnen doaskes wurdt al it guod foar de klanten sammele en yn in buske dien. "Ien fan ús trijen sil dat besoargje op in goeie logistike wize, sadat we net te faak hoege te riden en sa min mooglik kontakt ha", seit bakker Douwe Jan Lenes.

Ofstân hâlde

Se binne woansdei begûn mei de tsjinst en ha it drok. Walter van der Meer stiet oars yn de slachterij, mar helpt no ek as besoarger. Hy giet allinnich nei de klanten ta en hâldt ôfstân: "Dan doe ik mijn handschoenen aan en ik zet de bestelling nu voortaan voor de deur neer in plaats van dat ik het overgeef. Zo voorkom ik handcontact en andere dingen."

It beteljen giet mei iDeal, wêrtroch't oan de doar net pind of kontakt jild brûkt wurdt.

Ien fan de bestellingen - Foto: Omrop Fryslân

Het is de enige mogelijkheid om grote hoeveelheden mensen te vermijden

Kees Schouten, klant

Benammen foar âlderein is de besoarchservice in útkomst, lykas foar de 80-jierrige Kees Schouten: "Het is de enige mogelijkheid om grote hoeveelheden mensen te vermijden. Anders gaan we naar de AH en dat is een grote zaak met veel mensen. We willen dat juist vermijden en dat is op deze manier gebeurd."

Schouten tinkt dat er wol in wike ta kin mei de boadskippen. En oars pleatst er opnij in bestelling.

Besoarchservice troch ûndernimmers - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)