Hieltyd mear winkels ticht: "De stêd heart te brûzjen, mar dat is net mear sa"

19 mrt 2020 - 15:50

Hieltyd mear winkels yn Fryslân geane ticht. In soad meiwurkers fine it net mear fertroud, se binne benaud om besmet te wurden troch klanten. Boppedat daalt de omset sa drastysk dat iepen bliuwe net mear út kin. Yn it winkelhert fan Ljouwert wurdt it hieltyd stiller.

It is stil yn de stêd:

"Ja de sfear is stil en nuver. De stêd heart te brûzjen, mar dat is net mear sa. Minsken bliuwe thús", seit binnenstêd-manager Hayo Galema. De grutte winkels lykas Zara, We en C&A geane ticht om't dêr in soad minsken wurkje en in protte klanten komme. Neffens Galema sille der grutte klappen falle en guon winkels sille it net oerlibje. "Foaral omdat we net witte hoelang't it duorje sil."

Binnenstêdmanager Hayo Galema - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Boekhannel Van der Velde hat alle njoggen festigings sletten. "Het is bizar, we zijn in de 125 jaar dat we bestaan, niet één keer dichtgegaan. En het voelt zo raar. Je draait op woensdagmiddag de winkel dicht en je weet niet meer wanneer die opengaat", seit direkteur Ad Peek.

Neffens him koe it net langer mear, it personiel waard benaud. "Er waren klanten die proestend binnenkwamen. En onze medewerkers staan bij de balie. Dan is de kans op besmetting heel groot." Online en fia in spesjaal serviceloket wol Van der Velde de klanten betsjinjen bliuwe.

(advertinsje)
(advertinsje)