Biografy oer fersetsman Willem Santema ferskynt letter
It boek oer fersetsstrider Willem Santema lit noch efkes op him wachtsje. Histoarikus Peter Bak wurket sûnt ôfrûne simmer oan de biografy fan Santema, ien fan de grutste fersetsstriders fan Fryslân. It wie de bedoeling dat it boek op 15 april, eksakt 75 jier nei de befrijing fan Snits, presintearre wurde soe. Bak stjitte by syn ûndersyk lykwols op mear materiaal as ferwachte.
Santema wie yn 1941 de grûnlizzer fan it ferset yn Snits en omjouwing. Begjin 1943 waard it yn Fryslân foar Santema te gefaarlik. Hy dûkte ûnder yn Amsterdam en waard ien fan de liedende fersprieders fan it lanlike fersetsblêd Trouw. Yn april 1943 wie hy ien fan de oprjocher fan de nasjonale Raad van Verzet. Ein 1943 waard Santema arrestearre. Hy siet sân moannen finzen yn kamp Haaren en waard yn augustus 1944, tegearre mei 22 oare Trouw-fersprieders, fusillearre yn kamp Vught.
Santema hie in ynstallaasje- en radioburo yn Snits. Yn kamp Haaren yn Noard-Brabân hat hy in oantal gedichten skreaun en dy binne ek noch yllegaal publisearre. De earste regel fan it earste gedicht is de wurktitel fan Baks biografy: 'Door de tralies schijnt de zon'.
Willem Santema wie boppedat in betûft reedrider. Hy folbrocht de Alvestêdetoch fiif kear, wêrfan de lêste yn 1942.
Mear materiaal
It wie de bedoeling dat de biografy op 15 april 2020, eksakt 75 jier nei de befrijing fan Snits, presintearre wurde soe. Bak ûntduts by syn ûndersyk lykwols mear materiaal as ferwachte. Santema bliek yn de jierren 30 mear as hûndert kollums foar it wykblêd Land en Volk skreaun te hawwen.
Ek it ûndersyk nei Santema syn fersetsaktiviteiten bliek tiidslinender as tocht. In ûnbekend dokumint, dat bewarre wurdt yn Washington, yn de 'U.S. National Archives and Records Administration', skynde nij ljocht op Santema syn fersetsbestean en joech in nije wending oan it ûndersyk. It Amerikaanske rapport leit Santema syn fersetsnetwurk bleat.
Bak: "Santema blijkt zeer actief te zijn geweest in de hulp aan gecrashte geallieerden vliegeniers en we mogen aannemen dat hij via dit pilotenwerk bij Trouw en de Raad van Verzet is terechtgekomen."
Fanwege dizze en mooglik noch oare fynsten is besletten it ûndersyk mei inkelde moannen te ferlingjen. Ek krijt it boek mear siden. Foar it ekstra ûndersyk wurdt op dit stuit socht nei oanfoljende finansiering.