Zzp'ers yn de kultuer binne striidber en kreatyf

19 mrt 2020 - 15:37

Ek de kulturele sektor ûntkomt net oan it coronafirus. It iene nei it oare evenemint of foarstelling wurdt ôfsein. Der wurkje in soad zzp'ers yn dy sektor, dy't kwetsber binne. Dochs binne se striidber en bliuwe se posityf, ek al docht it soms sear.

Sa giet it stik 'Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber' net troch. In soad hertebloed en enerzjy hawwe Inez Timmer en Tsead Nauta stutsen yn it oangripende ferhaal oer de Joadske skriuwster Ilse Weber. "It wie in pynlik beslút om it te skrassen, om't we der hast in jier mei hert en siel oan wurke hawwe. Mar it wie ek in hiel logysk beslút", seit Nauta.

"It komt wol wer goed", tinkt Timmer. "It docht no wol even sear, mar ik tink ek datst dy pine omearmje moast om dermei omgean te kinnen. Dat jildt foar elkenien no."

Neat te dwaan

Henk Rigter fan Mooiedingenmakers, in platfoarm foar kreative zzp'ers, fernimt dat der soargen binne. "Ast teäter makkest foar in skoalprojekt bygelyks, dan hast neat te dwaan. Of ast filmkes meitsje moatst by in bedriuw, dat bedriuw is ek leech."

Hy is bliid mei de maatregels fan it regear, dy't ék foar zzp'ers jilde. Boppedat sjocht er dat zzp'ers noch kreativer wurde yn dizze tiid fan krisis. "Ik hearde fan in tekeneresse yn Ljouwert dy't no op Skype tekenles jout."

Op ôfstân

Ek oare kreativelingen en kulturele ynstellingen kieze derfoar om op ôfstân beskikber te wêzen. Filmleafhawwers kinne by filmhûs Slieker yn Ljouwert bygelyks op in online platfoarm Picl films sjen, dy't oars by Slieker te sjen west wienen. Keunstnerskollektyf De Prutsers sil har foarstelling Trije Susters live op Facebook útfiere.

En muzikant Wiebe Kaspers hâldt freedtejûn in saneamd 'coronaconcert', in benefytkonsert fia in livestream foar alle minsken dy't no yn thúsisolaasje sitte.

(advertinsje)
(advertinsje)