Soarchgroep Hof en Hiem nimt strange maatregls om âlderein te beskermjen

Krisisoerlis op krisisoerlis, strange maatregels foar hygiëne en de doarren sels ticht. Dat is op it stuit it byld by in protte âldereinhûzen yn ferbân mei it coronafirus. Soarchgroep Hof en Hiem slút de doarren fan syn fjouwer lokaasjes yn De Fryske Marren. Dêrmei wolle sy de âlderein sa goed as mooglik beskermje tsjin besmetting.
© Omrop Fryslân
De doarren fan de wensoarchlokaasjes yn Sint-Nyk, Balk en op De Lemmer en De Jouwer binne yntusken sletten. "Daarmee willen we zorgen dat onze bewoners zo min mogelijk in contact komen met de buitenwereld", seit bestjoerder John van Arnhem.

Gjin besite

It is mûsstil yn de soarchsintra. Der wurdt nammentlik gjin besite mear talitten. Van Arnhem: "We hebben 700 medewerkers en nog eens 700 vrijwilligers." Allinnich in part dêrfan en de soarchstazjêres binne oan it wurk. Alle oare stazjêres, mar ek ûnderhâldsmeiwurkers meie de gebouwen net mear yn. "Het is een hele stille bedoening, het geeft wel een triest beeld."
It binne strange maatregels. "Die nemen we ook met spijt in ons hart, maar het zijn maatregelen die nodig zijn, want we willen onze bewoners natuurlijk beschermen."

Kalmte bewarje

De meiwurkers besykje benammen de kalmte te bewarjen ûnder de bewenners. "We besykje wol kontakt te hâlden mei de âlderein. We moatte se net isolearje en dat betsjut maatwurk", seit ien fan de meiwurkers.
Van Arnhem tinkt net dat der noch strangere maatregels troffen wurde sille. "We zoeken al echt de randen op. We denken dat we er met deze maatregelen zijn en dat hoop ik ook van harte."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by Hof en Hiem