Bloedbank Sanquin docht ûndersyk nei ymmuniteit tsjin corona

19 mrt 2020 - 13:09

Mei in nije bloedtest sille ûndersikers fan de Nederlânske bloedbank Sanquin lanlik befolkingsûndersyk dwaan nei it coronafirus. It doel is om te sjen hoe breed it firus ferspraat is en hoe rap oft minsken ymmuniteit opbouwe tsjin de sykte. Ek yn Fryslân binne der in hiel soad minsken dy't bloed donearjen komme.

Foto: ANP

Mei it ûndersyk wol Sanquin it RIVM helpe. "Wij hebben aangeboden om in een bepaalde tijdsperiode alle donaties te testen op die immuunstofjes tegen corona", leit wurdfierder Merlijn van Hasselt fan Sanquin út. "Als we dat met herhaling doen, kunnen wij aan het RIVM vertellen hoe de immuniteit tegen corona zich ontwikkelt in Nederland."

Oer in pear wike sil Sanquin begjinne mei de testen. "Daarna is het een kwestie van analyses draaien en de cijfers eruit halen. Wij geven die cijfers aan het RIVM, die ze vervolgens gaat interpreteren en kijken wat, op basis van die getallen, nodig is. Daar zullen de reacties vandaan komen."

De donoaren hoege hjirfoar gjin ekstra bloed te jaan. Der wurdt in lyts bytsje fan it bloed apart hâlden dêr't se de testen op útfiere sille. "Het kost de donor niks extra's, en geeft ons heel veel informatie."

Merlijn van Hasselt fan Sanquin leit it ûndersyk út

(advertinsje)
(advertinsje)