Trije sikehûsmeiwurkers yn Fryslân wurde test op it coronafirus

Twa meiwurkers fan it MCL yn Ljouwert en ien fan de Tjongerskâns op It Hearrenfean wurde test op it coronafirus. Ek in meiwurker fan Revalidatie Friesland yn Beetstersweach is mooglik besmet mei it firus. Dat melde de Fryske sikehuzen yn in ferklearring.
Maatregels tsjin it coronafirus yn it MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Yn it Antoniussikehûs yn Snits lizze noch altyd trije minsken dy't besmet binne. Dat wie woansdei ek sa, mar der is ien nei hûs gien en der is ien nije besmetting by kommen. De persoan dy't nei hûs gien is, sit no yn thúsisolaasje. Yn it MCL lizze gjin minsken dy't posityf test binne, mar acht pasjinten binne wol fertocht. Sy wurde test op it firus.

Revalidatie Friesland

Woansdei waard al bekend dat ien meiwurker fan Revalidatie Friesland yn Beetstersweach it coronafirus oprûn hat. Dêr is noch ien fertochte pasjint en dus ek noch ien fertochte meiwurker. Fierder meldt Revalidatie Fryslân dat der in grut ferlet is oan spatbrillen, mûlekapkes en desynfektearjende middelen.
It MCL jout oan dat ûndersocht wurdt oft beskermjende maskers desynfektearre wurde kinne, sadat se faker brûkt wurde kin. It MCL hat noch wol genôch middelen, mar it hâldt net oer.

Triaazje

By it MCL wurde minsken by de yngong fan it sikehûs earst ûndersocht foar't se nei binnen meie. De prikpoli fan it sikehûs is ferpleatst nei it eardere Ronald McDonaldhûs neist it MCL. Op It Hearrenfean wurdt dat dien yn gearwurking mei de dokterswacht yn fjouwer aparte keamers. Der binne ek wite tinten pleatst en stekken om derfoar te soargjen dat minsken genôch ôfstân fan elkoar hâlde.