Hast 400 helpkrachten melde har oan by MCL

19 mrt 2020 - 12:27

Hast 400 minsken hawwe oanjûn helpe te wollen yn it MCL yn Ljouwert, mocht dat nedich wêze. It sikehûs rôp minsken woansdei op om har oan te melden, om't der mooglik in tekoart oan soarchpersoniel driget yn tiden fan coronafirus. "It is hertferwaarmjend: hast 400 oanmeldings yn oardel dei", seit sikehûswurdfierder Frits Mostert.

De haadyngong fan it MCL yn Ljouwert - Foto: Timo Jepkema

De minsken dy't har oanmeld ha, komme út de hiele provinsje wei en hawwe ferskillende achtergrûnen. "Doktersassistinten, âld meiwurkers fan it MCL, âld ferpleechkundigen en dokters, minsken út de fasilitêre hoek... As it nedich is, kinne we op harren in berop dwaan. Mar op dit stuit is dat noch net nedich."

"Bûtengewoane situaasje"

Yn it MCL lizze no noch gjin coronapasjinten op de Intensive Care, mar dat betsjut fansels net dat dat sa bliuwt. "It is in bûtengewoane situaasje", seit Mostert. Neffens him is it op dit stuit de stilte foar de stoarm. "It is no hiel rêstich. In hiel soad pasjinten sizze harren ôfspraken ôf en it parkeerterrein is hast leech. We hâlde der rekken mei dat dit de stilte foar de stoarm is."

Neffens eksperts kin it noch wol oant ein maart duorje foardat de besmettingspyk hjir is. "Dêr binne wy op taret. De ôfdielings en de IC binne der klear foar om dy pasjinten op te fangen."

Koade swart

Sikehuzen kenne ferskillende koades, koade swart is dêrby de heechste need. "Dêr lizze senario's foar klear. Dêrby giet it om drege beslissings dy't dan net mear yn it sikehûs sels naam wurde, mar op lanlik nivo: hokker pasjinten kinne we noch wol helpe en by hokker pasjinten wurdt it dreech om noch goede help te jaan?"

Dat beoardielingsproses hjit fan 'triaazje'. "Op dit stuit is dat gelokkich noch net oan de oarder yn it MCL en oare sikehuzen."

Frits Mostert fan it MCL

(advertinsje)
(advertinsje)