GGD meldt gjin nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne sûnt woansdei gjin minsken posityf test op it coronafirus. Dat hat de GGD tongersdeitemoarn bekend makke. It totale oantal registrearre besmettingen bliuwt dêrmei op 21 stean.
© Omrop Fryslân
"We hebben geen positieve uitslagen van het lab doorgekregen", seit Margreet de Graaf fan de GGD. "Er kunnen vandaag eventueel nog wel nieuwe uitslagen binnen komen. Het zegt nog niet zoveel over het totale aantal besmettingen in Fryslân."

Fersprieding fertrage

Neffens De Graaf moat de pyk yn Fryslân oer in sa lang mooglike tiid te fersprieden. "Het is belangrijk dat we de verspreiding zo lang mogelijk vertragen, zodat niet iedereen tegelijk ziek wordt, en dat er tijd komt om een vaccin te ontwikkelen. Maar daarvoor is tijd nodig."
Ien pasjint is ferstoarn oan it firus. It kabinet hat de ôfrûne dagen fiergeande maatregels ynsteld, dy jilde yn earste ynstânsje oant en mei 6 april.
De aktuele situaasje fan it totale oantal besmettingen yn Fryslân is hjirûnder yn kaart brocht: